Home
Live
Podcasts
Search

radioplayer.org
  1. Home
  2. Live
Settings

Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is de regionale stjoerder fan Fryslân.
Now Playing Pause
Now Playing
Underweis
Underweis
Last played songs

Hoe Kan Dat Nou
Skik
Hoe Kan Dat Nou
De Snelste Izerflechter
Grymtosk
De Snelste Izerflechter
Lost In Music
Sister Sledge
Lost In Music
Porcelain
Moby
Porcelain
Rude
Magic
Rude
Related Podcasts
It simmerpetear
It simmerpetear
Oars buorkje is de takomst
Oars buorkje is de takomst
Latest episodes
#4: Boeren en natuer
#4: Boeren en natuer
Nico Minnema advisearret boeren oer hoe om te skeakeljen nei in foarm fan regenerative lânbou. Meinte Engelmoer wie ekolooch by de provinsje. Hy hat in hiel soad ferstân fan it lânskip. In petear oer it spanningsfjild buorkjen en natuer. Hoe stiet de natuer derfoar? In tipke fan de sluier: se binne wol aardich optimistysk."
#3: Biologysk of net
#3: Biologysk of net
Wêrom kiest in boer foar biologysk buorkjen en wêrom net? Jan Woudstra hat in biologysk melkfeebedriuw by Menaam en siket altyd nei in goede balâns tusken ekology en ekonomy. Hy makke de oerstap fan gongber nei biologysk, omdat hy seach hoefolle skea gongbere lânbou oan de boaiem die.Martin Brandsma hat in pleats by Skerpenseel. Hy buorket op de gebrûklike wize, mar sjocht wol dat tiden feroarje en dat saken oars oanpakt wurde moatte. Beide boeren sizze dat it útkeapjen fan boeren foar natuerwerstel neat opsmyt en sels negatyf wurkje kin.
#2: Wêr is it mis gongen
#2: Wêr is it mis gongen
Yn ôflevering twa komt emearitus professor Jan Douwe van der Ploeg oan it wurd, earder fan de lânbou-universiteit fan Wageningen. Hy docht al tsientallen jierren ûndersyk nei ferskillende foarmen fan lânbou oer de hiele wrâld. Hy fertelt wat der, neffens him, ferkeard gien is yn ús lânbou en hoe't it oars kin. Hy is net altiten like optimistysk omdat er sjocht dat der frijwat wjerstân is.
#1: In sûne boaiem
#1: In sûne boaiem
Johannes Bakker en Theo Mulder binne de oprjochters van CO2L Farming, in stichting dy't besiket boeren op paad te helpen nei in duorsume wize fan buorkjen. It werstel fan de boaiem stiet dêrby sintraal. Bakker is soan fan in bouboer en nei in karriêre op see en as piloat is hy sûnt 2015 aktyf yn de lânbou. Theo Mulder is eigener fan in foeraazjebedriuw yn Kollumersweach. Al mear as tritich jier is hy dwaande mei in ferantwurde wize fan buorkjen en foaral mei it behâld fan de boaiem en in sûne natuer. Mulder: 'De boer is de dokter fan 'e takomst'. Oars sein as de boer sûn iten leveret soarget dat ek foar sûne minsken en minder dokterskosten. Hoe sjogge sy nei de omslach dy't yn de lânbou makke wurde moat.
It Simmerpetear mei Klasina Seinstra
It Simmerpetear mei Klasina Seinstra
Klasina Seinstra kaam op 4 jannewaris 1997 as earste frou oer de streek op de Bonkefeart. Se is de winneres fan de 15e Alvestêdetocht en dy dei hat har libben foar altyd feroare. It is alwer 28 jier ferlyn mar noch altyd fielt se de emoasje fan dat momint. Klazina Hofstee praat mei Klasina Seinstra yn it Simmerpetear. Se prate ôf by in sleat yn Lúkswâld, dêr't de lytse 'Sientje' har earste streken op it iis sette..
Jonkhear Tjalling van Eysinga yn it Simmerpetear
Jonkhear Tjalling van Eysinga yn it Simmerpetear
Miskien kin jo wol sizze dat Jonkhear Tjalling van Eysinga grutbrocht is mei in gouden leppel, mar yn syn libben hat er ek geregeld yn de wyn opsile moatten... Hy fertelt syn ferhaal yn It Simmerpetear fan Buro de Vries.
Sjongeres, Aktrise en musicalstjer Inez Timmer yn it simmerpetear
Sjongeres, Aktrise en musicalstjer Inez Timmer yn it simmerpetear
Fryslân learde har kennen as sjongeres fan de folkband 'Irolt': Inez Timmer, opgroeid yn Bûtenpost. Se wie dosinte, mar net gelokkich yn dy funksje en op 30-jierrige leeftiid skreau se har yn foar it Konservatoarium. Dêrnei lei se har ta op musicals en spile se foaral yn Dútslân en Eastenryk yn grutte produksjes. Se fersoarge ek optredens op cruiseskippen en learde sa har hjoeddeistige man Peter kennen. Begjin 2000 luts Fryslân wer en se kocht úteinlik in hûs yn Weidum. Dêr wennet se, soms mei en soms sûnder Peter mei in hiel soad nocht. Se wurket noch altiid: yn eigen produksjes en sa no en dan spilet se noch yn musicals..
It Simmerpetear mei Peter Tuinman
It Simmerpetear mei Peter Tuinman
Yn 'it Simmerpetear' gean we yn petear mei in bekende Fries oer syn of har libben. It petear fynt plak op in lokaasje dêr't in werinnering leit. Yn dit Simmerpetear moetet ferslachjouwer Klazina Hofstee akteur Peter Tuinman, bekend fan films as De dream en telefyzjesearjes as Bureau Kruislaan, Unit 13 en Dankert en Dankert. We geane werom nei Oerterp, it plak dêr't Tuinman opgroeide en prate oer syn jeugd, syn jeugddream om topsporter te wurden, syn wurk as akteur en it libben..
Simmerpetear mei Tamara Schoppert
Simmerpetear mei Tamara Schoppert
Fan boartsjen yn de bosken by Wynjewâld rekke Tamara Schoppert úteinlik nei spyljen op de planken. Schoppert is in 'alleskinner' yn de teäterwrâld.Schoppert is ien fan de bekende akteurs yn Fryslân. Spile ferskate rollen en regissearret ek teäterstikken.We treffe Tamara op ien fan har favorite plakken. By de Freulefiver yn de bosken by it doarp."Dit is it plak dêr't ik begûn te wurden wa't ik wie."In petear mei de aktrise en regisseur op teater, keunst en kultuur en de mienskip..
It simmerpetear mei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
It simmerpetear mei boargemaster Ineke van Gent fan Skiermûntseach
Boargemaster Ineke van Gent (68) is dizze kear te gast yn it Simmerpetear. Yn april makke sy bekend dat se op 1 jannewaris 2026 ophâlde sil as boargemaster. Sy hat dan 8 jier wurke op it lytste waadeilân. In grut kontrast mei har wurk yn it sintrum fan de macht yn Den Haag, dêr't se hast 15 jier yn de Twadde Keamer siet, foar Groen Links. Van Gent waard berne yn Arnhem, mar troch it wurk fan har heit moast se faak ferhûzje. Sa wenne se ek in skoftsje yn Dútslân. Har heit wie beropsmilitêr, sy slute har al jong oan by de pasifistyske PSP, ta argewaasje fan har heit. Tagelyk wie hy grutsk op syn dochter, op har politike karjêre. Jan Dirk de Haan reizige ôf nei Skiermûntseach en prate mei Van Gent oer har libben. Oer de hichtepunten, mar oer fertrietlike mominten, bygelyks doe't har mem al jong ferstoar en oer it feit dat se sels nea mem wurden is.
Program schedule of Omrop Fryslân